
Akke Ka,
Gerryt en Akke Ka binne alwer trije jier byinoarren, wêr bliuwt de tiid, en it ferfeeld harren noch lang net. Gerryt is in bêste jonge en altyd kreas yn't swarte pak, mar Akke docht beslist net foar him ûnder hear. Altyd tige op't skik, lykas no ek wer, no't de drokke tiid wer oan komt. Hjir in monolooch fan Akke tsjin har buorfrou: “ Wy passe alhiel byinoarren, myn Gerryt en ik binne tige op inoar ynspile en hawwe in gaadlik plakje om ús neiteam grut te bringen. Jo moatte ek in kear genôch ha sis ik altyd sjoch. Wy binne allang bliid dat wy ús âlde stee wer brûke kinne. Och ju ik bin sa wiis mei ús plakje héh, mei útsjoch op it easten, want ik ha altyd tsjin myn Gerryt sein ik wol oeral hinne mar ik wol net op it westen sitte. Dêr fyn ik neat oan, sis ik altyd sjoch, dy hurde westen wyn en altyd wiet en klam, nee wy ha it goed by Sjoerd en Tineke ûnder dak sjoch.
No noch efkes wat nêstguod oan tôgje, dan kin it lizzen oangean sjoch. Us bern fan ferliene jier binne ek goed terjochte kommen hear al is ien wol wat fier fuort gien. Sa no en dan gean wy dêr wol ris efkes sjen mar in oere hinne en in oere werom, it is in hiel geflean dat moat ik jo sizze, en wy wurde ek âlder. Myn Gerryt seit gauris dat dy bern harren no mar rêde moatte en sa is it, der binne aanst wer nije bern en dan moatte wy dêr op passe sjoch. Ja, myn Gerryt is tige wiis hear foar in Ka.
Juster skrok ik my de fearren sawat ut'e kont, hie ien fan'e bern fan'e buorlju in bal op it dak skopt, krekt op ús panne fansels wylst ik krekt efkes op myn nêst lei. No ik hie it net mear moat ik sizze en in spontane berte fan ús earste aai lei op'e loer, mar och efkes in bytsje knipe dan giet soks ek wol wer oer hear, jo moatte wat nimme en jaan yn it libben sis ik altyd sjoch.
Myn Gerryt docht op dit stuit efkes de ronde sjoch, sa neam ik dat mar, hy is dan wat ûnrêstich sjoch en moat dan efkes by de oaren del. Mei in hiele kloft sitte hja dan te praten, ik bin der ek wol ris by mar it is weismiten tiid sis ik altyd sjoch, mar hy hat it nedich, dat seit er teminsten. Mar hy wyt dêrtroch meastal wol wer as it measte fretten is sjoch. Soms sit ik der wol ris in bytsje oer yn as hy dêr is, want myn Gerryt is in fersierder hear en guon froulju ha altyd de kont omheech sjoch, dat sa dwaande. Hy moat de wjukken net nimme no, want dan is hy noch net klear mei my, sis ik altyd tsjin myn Gerryt sjoch en dat wit hy ek wol hear.
Ik sei hjoed tsjin myn Gerryt: it nêst is sa wol ôf tinkst ek net? Want och, it komt altyd sa krekt by him hén, in takje hjir en dêr en dan moat dat wer in bytsje oars, ik wurd der soms wol wat krigel fan hear, mar ja it is en bliuwt myn Gerryt no? Yn oare dingen is hy net sa krekt hear, want hy skyt mar del wer as it him út komt, dan sis ik tsjin him tink der dan in bytsje om. Lêsten ek, hie der ús eigen panne der ferdoary net hielendal ûnder skiten? No dat reint dat der wol wer ôf sei er, oké, mar ik hâld de boel graach in bytsje himmel om hûs en hear, sis ik altyd sjoch. Soks kin dochs net.
No is it sa fier dat ik moarn it earste aaike wol lizze kin sjoch en boppedat begjint it no dochs wol wat te boljen yn it lyf, de tarieding hat lang genôch duorre. Do silst ek hast wol sa fier wêze tink en as it tiid is is it tiid, sis ik altyd sjoch en dan moat it barre, dêr is gjin ûntkommen oan. Dan kinne wy aanst in pear wike bekomme foar't wy ús it hinne en wer fleane mei wjirms, rûpen, in stikje bôle oft sok sa wat sjoch. Fan moarns ier oant let yn'e jûn want wy kinne dy piken fan ús net ferhongerje litte no? Do wist wol dat wy goed op ús behâld passe fansels want jim sieten ferliene jier hjir ommers ek no? No ju, ik sil dy net langer oanhâlde en gean noch in rûntsje toer. Dan gean ik aanst op myn nêst, Gerryt sil hast ek wol komme sjoch want it wurdt al aardich skimerich en ik ha moarn in drege dei sjoch, dus oant sjen mar wer hear en de groetnis oan Jaap”. En fuort wie Akke Ka.
8 april 2010
Actuele beoordeling: 0,00
Aantal stemmen: 0
Aantal hits: 979
Relatieplanet is de meest bezochte dating-site van Nederland en België. Ontmoet serieuze vrijgezellen voor een relatie, vriendschap of date! Relatieplanet werkt!
Op zoek naar een serieuze relatie? be2 is méér dan dating, omdat u alleen wordt voorgesteld aan leden die bij u passen. De eerste stap naar de ware is de wetenschappelijke persoonlijkheidstest.
Knuz.nl is een volkomen gratis datingsite. Met meer dan 200.000 ingeschreven leden is Knuz de grootste gratis datingsite in de Benelux met misschien wel de liefde van je leven ...
Silver2date.nl is een eigentijdse en betrouwbare ontmoetingssite voor de 50-plusser. Silver2date.nl is een ontmoetingsplatform voor sociale, sportieve en creatieve activiteiten.
Wie heeft gezegd dat de liefde blind is? Zij is de enige die scherp ziet: zij ontdekt schoonheden waar anderen niets merken.
- André Frossard
Zin in een leuke en gezellige avond waar u in korte tijd veel singles ‘live’ kunt ontmoeten? Dan is flitsdaten iets voor u: een luchtige en efficiënte manier van kennismaken in sfeervolle locaties!
| Dromen | ||
| eeuwige | ||
| SPEEL NIET MET VUUR | ||
| OMDAT IK VAN JE HOU | ||
| ergens gevoel |
Vaak weet je het al bij de eerste aanblik. Deze man of vrouw is interessant! Dus waarom tijd verspillen? SpeedDatez is dé ideale manier om snel met leuke mensen in contact te komen!
Relatiebureau InterDuo relatiebemiddeling is het meest toonaangevende relatiebureau voor Nederlandse en Belgische HBO’ers en academici. InterDuo is erkend door de BER: Branchevereniging Erkende Relatiebureaus.
| Snijden | ||
| BETRAPT | ||
| Huis van verleden |
| Geduld II | ||
| 3 manieren om liefde te zoeken | ||
| Vast |
MessengerContacten.nl is dé erotische datingsite voor mensen met MSN Messenger. Lid worden is 100% gratis en alleen een e-mailadres en nickname zijn nodig. Veel plezier en spannende dates!
Hoewel ik van de week voor het eerst zonder bandana de deur uitging en mijzelf nog steeds een kale knar voelde omdat het best wel koud is met ontzettend kort blond krulletjeshaar, nam ik toch de stap naar de buitenwereld toe om te tonen dat ik niet bang zou zijn voor wat er nog komen zou op die lange weg die de naam Kanker meekreeg, goed te lezen Borstkanker. Helaas is het ook zo jammer voor elke kankerpatiënt die in welke vorm dan ook die ziekte met zich meedraagt dat Pink Ribbon alleen over borstkanker gaat, alhoewel er zovele soorten van ongeneeslijke ziektes als Kanker zijn en er geen weg terug is alleen de weg naar boven.
Ik zie en lees overal acties en wedstrijden en lees overal alleen maar over Pink Ribbon dat in Amerika al goed doet voor ruim 5 miljard dollar per jaar aan inkomsten door de grote sterren der aarde die gemiddeld drie keer per maand wel een gala organiseren voor deze ziekte en zo een 5 a 6 duizend dollar per couvert neertellen per persoon...
Speeddaten is niet alleen ontzettend leuk, je hebt ook nogeens 91% kans op een match! Je ziet in een paar seconden al of je iemand leuk vindt en na 3 min. weet je of die 1e indruk goed was.
Books for Singles verkoopt geen liefde, geluk of romantiek. Wel is het de gespecialiseerde online bookseller voor boeken over: singles, liefde, relaties, dating en persoonlijke groei. Books for Singles is een initiatief van het erkende relatiebureau InterDuo.