Melke

Sjoerd F Talsma

Melke

Doe't ik as lyts jonkje mei myn heit te melken gie yn 't lân,
djip yn'e hjerst as de kij noch efkes bûten wêze koene
wiene de hikspeallen de beakens, op it ein fan'e reed
yn't tsjuster, mei in loft noch sêft fan dauwe sa ier op'e moarn

de kij, gauris ferskûle en omjûn troch in tsjûke azem, noch yn rêst
de heimiche omjouwing en lûden wiene it, dy't it sa bjusterlik makken
om'e kij wie it meastens sykjen, steane hja tichte by as just fier ôf
by ûnleiich of stoarm waar, fan dy frekte miggen hie ik dan gjin lêst

mei spantou en ûrsalve yn'e hân en de tuolle ûnder it gat,
in koeke foar Tryntsje 6 , want dy stie tafallich it tichtste bij
mei in pear hoarnen fansels, alles siet eartiids noch oan
no bin de kij sûnder en mei in giel nûmer, it is wol wat

mei pet op en kile oan, de amer tusken de skonken op'e hakke
de holle tsjin it waarme bist oan en net yn sliep fâle fansels
de molke snjitte yn'e amer en ik makke gâns wat skom
goed útspeetsje fansels dêrom de ko mar efkes by't jaar pakke

dan nei de hikke rinne om't de amer fol is en moast earst leech
wylst de tjims it oan it waarme jaar ûntlutsen tate ferwurket
en it skom dêr as slachreame yn efterbleau
waard it stadichoan ljochter om ús hinne, de sinne kaam omheech

nei dat de bisten molken wiene koene wy wer op hûs oan
de molkbussen earst oan'e dyk sette foar de molkrider,
amers en tjims skjinmeitsje en klear sette foar de jûns
dan avensearje oars kaam ik te let op skoalle, ik wit it noch skoan

as ik it sa werom lês soe ik it sa oer dwaan wolle
mar eartiids hie ik dêr net folle nocht oan, sa tsjin jo sein
dochs no 't ik werom sjen kin op dy tiid docht it my goed
en ha dêr no soms langstme nei, as in dúnske ko nei de bolle.

30 april 2010

Sjoerd F Talsma

E-card

Geef je beoordeling aan het verhaal: Melke

Actuele beoordeling: 0,00
Aantal stemmen: 0
Aantal hits: 704


Liefdesproza.nl partner: Silver 2 Date

Silver 2 Date

Silver2date.nl is een eigentijdse en betrouwbare ontmoetingssite voor de 50-plusser. Silver2date.nl is een ontmoetingsplatform voor sociale, sportieve en creatieve activiteiten.

Liefdesproza.nl partner: PartnerSelect.net

PartnerSelect.net

PartnerSelect is een groot allround relatie bemiddelingsbureau voor singles uit heel het land. Ga je voor een serieuze relatie? Dan ben je bij PartnerSelect aan het goede adres! BER-erkend (1997).


Liefdesproza.nl partner: be2

be2

Op zoek naar een serieuze relatie? be2 is méér dan dating, omdat u alleen wordt voorgesteld aan leden die bij u passen. De eerste stap naar de ware is de wetenschappelijke persoonlijkheidstest.

Liefdesproza.nl partner: Vivid Single & Actief

Vivid Single & Actief

Net als u zijn er talloze actieve singles die het leuk vinden om samen activiteiten te ondernemen. Vivid Single & Actief biedt daarom een gevarieerd aanbod activiteiten.

Maak uw keuze

Partners

Proza-categoriën

Extra