
Dit is in ferhaaltsje oer en troch my en no jo dochs fan plan binne om dit te lêzen sil ik my earst mar efkes oan jo foarstelle. Hja sizze Sjaaky tsjin my, en fine dat ik in sluiergoudfisk bin, in swarten ien. Ik bin nochal oan 'e grouwe kant neffens oare fisken mar folgens my heard dat sa, it sit him yn'e soart tink ik. En foar dat jo dêr wat oer te sizzen ha, ik kin it net helpe dat it sa is.
Myn wrâld is spitich genôch net grutter as in kom, sa grut as in fuotbal sis mar en gelokkich fan glês mei wat stientsjes op'e boaiem en wat grien guod wêrfan ik net wyt wat it is. Dat is myn omjouwing foar de rest fan myn libben. Der wol ik jo graach psychoanalytisk wat oer fertelle, want wat ik hjir doch wyt ik net, it is yn eltsengefal net omdat ik dat wol, mar dat is net oars. Privacy ha ik beslist net, want it neidiel fan glês is dat jo my swimmen sjen kinne, yn myn bleate kont noch wol, mei sicht rûnom. Sa no en dan komt der in grutte holle mei fan dy grutte eagen foar my hingjen, ik wurd der betiden bang fan, mar wêr kin ik hinne. Troch it glês ferfoarmed it bield nochal en ik kin net sizze dat wat ik sjoch no sa kreas is. As der frjemde hollen op besite binne dan komme se allegearre foar myn glês hingjen en stoarje my oan as wie ik in noch net earder sjoen wûnder en fiel my dan wol wat ûngemaklik. Gelokkich smyt dy iene holle sa no en dan wat yn myn wetter wat ik dan mar opyt, it smakket nearne nei, mar oars komt der net. En ferhongerje wol ik net, ek al smyt hja it yn it selde wetter as wêryn ik myn behoefte doch en sykhelje. Drinken hoech ik net, mar dat sille jo wol begripe. Dy rûntsjes swimme hinget my de kiel ek allang út, alhoewol ik besykje om der wat ôfwikseljen yn oan te bringen troch likefolle loftse as rjochtse omgongkjes te meitsjen. Dat easket in protte dissipline, mar dat ha ik wol want as ik altyd in rûntsje draai de selde kant út dan wurd ik bryk en dat wol ik net. As ik altyd rjochts omgean soe en dan in inkelde kear loftsom bygelyks dan flean ik út 'e bocht mei alle neidielige gefolgen, dus dat doch ik mar net. Ik libje as ienige yn dizze kom en dêrtroch dus behoarlik iensum en op guon mominten ferfeel ik my ek ôfgryslik mar ferdivedaasje is der ek sa no en dan. Foaral as der mear as ien holle thús is, dan bard der noch wol ris wat. Ik sjoch alles wol wat hja dogge, en de iene kear dan skamje ik my foar wat ik sjoch en oare kearen kin ik wol laitsje of gûle, mar ik ha net oeral in ferklearring foar foar wat ik sjoch. Ik wol der ek net te folle oer sizze hja moatte it sels mar witte wat hja dogge, mar frjemd giet it soms wol.
As myn glês smoarch is dan wurd ik der út helle en makket sa'n holle myn kom skjin, want dan sjogge se my better yn it skjinne wetter, sjoch. En ik moat sizze dat kin ik wol wurdearje want it is in stik frisser as hja my der wer yn smyt. No as ik it der oer ha, lêsten bin ik fuort west want dy hollen moasten sa nedich op fakânsje as ik it goed begrepen ha, dus moast ik útfanhûs tochten hja. It gong der need om en ta, want se ferfierden my mei kom en al en dat gong sa mâl dat ik der seesyk fan waard. Ik bestoar it sawat, mar goed, doe't ik op it nije plak stie wie it al gau wer oer. In pear dagen letter wurde ik ut'e kom tilt en yn in oar wetter los litten. It bliek it selde te wêzen as myn kom, allinne wie dizze hiel lang en heech. Der libben oare fisken yn en hiele oare as my. Nijsgjirrich seagen se my oan en swommen om my hinne. Wat in meagere dingen tocht ik en guon sa plat as in dûbeltsje, dy krije fêst te min fretten. No koe ik einlik ris rjochtút swimme en dat bin ik net went. It woe ek net sa bêst moat ik earlik tajaan en boppedat is dit wat foar langebaan swimmers en dat bin ik net, ik kin nammentlik net rjochtút swimme ik ha altyd in ôfwiking nei lofts of nei rjochts. Nei in skoftke waard ik hjir ek wer úttild en wer yn myn eigen kom smiten. Dy oppasholle hie myn kom skjin makke seach ik, dus dêrom moast ik by dy oare fisken yn, tink ik. No it wie in hiele ûnderfyning mar it hoecht om my net wer, sa'n grut wetter is neat foar my en ek fiersten te waarm en dan noch fan dy meagere fisken. Nee, jou my myn eigen komke en myn eigen wetter mar, sa tink ik der no oer, dan nim ik dy frjemde hollen en al dy oare dingen der wol op ta. En as ik aanst wer thús bin dan swimt der in tefreden fisk syn rûntsjes yn'e kom, rekkenje dêr mar op.
30 april 2010
Actuele beoordeling: 0,00
Aantal stemmen: 0
Aantal hits: 906
Vaak weet je het al bij de eerste aanblik. Deze man of vrouw is interessant! Dus waarom tijd verspillen? SpeedDatez is dé ideale manier om snel met leuke mensen in contact te komen!
Books for Singles verkoopt geen liefde, geluk of romantiek. Wel is het de gespecialiseerde online bookseller voor boeken over: singles, liefde, relaties, dating en persoonlijke groei. Books for Singles is een initiatief van het erkende relatiebureau InterDuo.
PartnerSelect is een groot allround relatie bemiddelingsbureau voor singles uit heel het land. Ga je voor een serieuze relatie? Dan ben je bij PartnerSelect aan het goede adres! BER-erkend (1997).
Silver2date.nl is een eigentijdse en betrouwbare ontmoetingssite voor de 50-plusser. Silver2date.nl is een ontmoetingsplatform voor sociale, sportieve en creatieve activiteiten.
Vlam in mij laai weer op; hart in mij, heb geduld, verdubbel het vertrouwen - vogel in mij, laat zich opnieuw ontvouwen.
H. Marsman
Zin in een leuke en gezellige avond waar u in korte tijd veel singles ‘live’ kunt ontmoeten? Dan is flitsdaten iets voor u: een luchtige en efficiënte manier van kennismaken in sfeervolle locaties!
| Dromen | ||
| eeuwige | ||
| SPEEL NIET MET VUUR | ||
| OMDAT IK VAN JE HOU | ||
| ergens gevoel |
Op zoek naar een serieuze relatie? be2 is méér dan dating, omdat u alleen wordt voorgesteld aan leden die bij u passen. De eerste stap naar de ware is de wetenschappelijke persoonlijkheidstest.
Relatieplanet is de meest bezochte dating-site van Nederland en België. Ontmoet serieuze vrijgezellen voor een relatie, vriendschap of date! Relatieplanet werkt!
| Snijden | ||
| BETRAPT | ||
| Huis van verleden |
| Geduld II | ||
| 3 manieren om liefde te zoeken | ||
| Vast |
MessengerContacten.nl is dé erotische datingsite voor mensen met MSN Messenger. Lid worden is 100% gratis en alleen een e-mailadres en nickname zijn nodig. Veel plezier en spannende dates!
Hoewel ik van de week voor het eerst zonder bandana de deur uitging en mijzelf nog steeds een kale knar voelde omdat het best wel koud is met ontzettend kort blond krulletjeshaar, nam ik toch de stap naar de buitenwereld toe om te tonen dat ik niet bang zou zijn voor wat er nog komen zou op die lange weg die de naam Kanker meekreeg, goed te lezen Borstkanker. Helaas is het ook zo jammer voor elke kankerpatiënt die in welke vorm dan ook die ziekte met zich meedraagt dat Pink Ribbon alleen over borstkanker gaat, alhoewel er zovele soorten van ongeneeslijke ziektes als Kanker zijn en er geen weg terug is alleen de weg naar boven.
Ik zie en lees overal acties en wedstrijden en lees overal alleen maar over Pink Ribbon dat in Amerika al goed doet voor ruim 5 miljard dollar per jaar aan inkomsten door de grote sterren der aarde die gemiddeld drie keer per maand wel een gala organiseren voor deze ziekte en zo een 5 a 6 duizend dollar per couvert neertellen per persoon...
Relatiebureau InterDuo relatiebemiddeling is het meest toonaangevende relatiebureau voor Nederlandse en Belgische HBO’ers en academici. InterDuo is erkend door de BER: Branchevereniging Erkende Relatiebureaus.
Speeddaten is niet alleen ontzettend leuk, je hebt ook nogeens 91% kans op een match! Je ziet in een paar seconden al of je iemand leuk vindt en na 3 min. weet je of die 1e indruk goed was.