In mirakel

Sjoerd F Talsma

Ik ha eartiids wol op 'e bou wurke en der waarden
altiten wol grappen úthelle en ien dêrfan wol ik wol
mei jo diele. Op 'e bou bij it bouwen fan in nij hûs
wiene der in hiel protte minsken oant wurk grûn-
wurkers ,opperlju, timmerlju, mitselders ensfh.
In protte en ferskate minsken dus.
Der wie ek in al wat âldere man dy 't fan natuere gesach
útstrielde en tige serieus wie yn al syn dwaan en litten.
As jo sels jong binne liket alles âld mar ik tink dat hij
sa'n 45 á 50 jier wie.
In serieuze man wer 't jo de gek net samar mei hienen.
Mar elts minske moat sa no en dan syn behoefte dwaan
fansels en hij dus ek.
“Ik moat earst út 'e broek foar dat de broek fol sit” sei
der op in kear. Doe wie der noch gjin sanitair op it wurk
oanwêzich en in tontsje wie dus net samar foar hannen.
Oaren diene it wol op in amer yn 'e keet of sa mar hij net
en hij socht in tûk plakje út en yn dit gefal wie it sa
deun as mooglik tsjin in tichte hage oan .
Ien fan de mannen hie heard wat der barre soe en slûpte
om 'e hage hinne, sa stie hij oan 'e oare kant fan 'e hage
as wêr de man syn boadskip del plantsje soe.
De broek kaam op 'e knibbels en it ôfleverjen koe no
begjinne. De man hokker oan 'e oare kant fan'e hage stie
hie in skeppe meinommen en stuts dy hiel omsichtig
ûnder de man syn gat. Sadwaande kaam it boadskip
kreas op'e skeppe teloane, it hie net better kinnen.
Nei in behoarlike ferromming koe de broek wer
omheech en nei dizze ynspanning woe der wol witte
wat hij efterlitte soe fansels.
Oant syn grutte ferbazing lei der hielendal net wat hij
tocht dat der lizze moast.
Wylst de man syn broek omheech helle wie de skeppe
oanlutsen, sadwaande wie fan'e skeppe en it boadskip
neat mear te sjen.
Dit wie foar de bêste man net te befetsjen en hat hij dêr
tiden stien mei de pet yn'e hân hoe as dit mirakel te
ferklearjen is. Alle oare wurklju wisten dêr fan fansels
en stiene harren te fergriemen, mar de man sels hat de
ear oan himsels hâlden en hat der nea wat fan sein.
De man is net mear bij libben en wy sil dus nea witte
wat hij der no wierlik fan tocht hat.
En wat der mei it boadskip op'e skeppe bard is, ik soe't
wierlik net witte.

16 mei 2010

Sjoerd F Talsma

E-card

Geef je beoordeling aan het verhaal: In mirakel

Actuele beoordeling: 0,00
Aantal stemmen: 0
Aantal hits: 869


Liefdesproza.nl partner: Single speeddaten.nl

Single speeddaten.nl

Speeddaten is niet alleen ontzettend leuk, je hebt ook nogeens 91% kans op een match! Je ziet in een paar seconden al of je iemand leuk vindt en na 3 min. weet je of die 1e indruk goed was.

Liefdesproza.nl partner: Relatieplanet

Relatieplanet

Relatieplanet is de meest bezochte dating-site van Nederland en België. Ontmoet serieuze vrijgezellen voor een relatie, vriendschap of date! Relatieplanet werkt!


Liefdesproza.nl partner: PartnerSelect.net

PartnerSelect.net

PartnerSelect is een groot allround relatie bemiddelingsbureau voor singles uit heel het land. Ga je voor een serieuze relatie? Dan ben je bij PartnerSelect aan het goede adres! BER-erkend (1997).

Liefdesproza.nl partner: MessengerContacten.nl

MessengerContacten.nl

MessengerContacten.nl is dé erotische datingsite voor mensen met MSN Messenger. Lid worden is 100% gratis en alleen een e-mailadres en nickname zijn nodig. Veel plezier en spannende dates!

Maak uw keuze

Partners

Proza-categoriën

Extra