
Nearne en Earne
Hiel lang ferlyn wie de ierde sa as no opdielt yn ferskate lannen en oer ien fan dy lannen giet dit ferteltsje. Dat wol sizze eigentlik oer de kening fan dat lān. It lān hjitte Nearne en it lān Nearne wie in keninkryk mei in hiele frjemde kening. Syn namme wie Hawwe en dat kaam moai śt want dizze kening woe altyd alles hawwe, ek al wie it net fan de kening. Kening Hawwe hie al sa'n protte, en hy fūn dat alles wat der yn it lān Nearne wie, fan him wie. Ek it folk hearde him ta sa tocht hy. De minsken moasten allegearre foar him wurkje en wat de minsken hiene wie ek fan de kening. As de kening in hynder ha woe dan gongen de lakeien en ministers it lān yn en hellen hja it moaiste hynder wat hja mar fine koene en joegen dat de kening. It folk wie net sa wiis mei kening Hawwe want it folk hie neat en de kening hie alles en dat fūnen hja net earlik fansels.
Op it plattelān yn in śthoeke fan Nearne wenne in mūner mei syn frou en bern oan de grins fan in oar lān dat se Earne neamden. Earne wie ek in keninkryk en dy kening hjitte fan Jouwe. De kening fan Earne wie sa earm as in lśs en hie hast neat. Allinne wat kening Jouwe nedich hie en dat wie net folle, wie foar hannen, oars neat. It folk fan Earne wie tige wiis mei kening Jouwe en se brochten alderhande spul nei de kening, mar de kening woe it net ha want hy hie it net nedich sei er.
De mūner mealde it moal mei syn mūne en bemuoide him fierder nearne mei. Oant op in kear de kening fan Earne mei syn gefolch by de mūne stiene en de mūner in djippe būging makke foar kening Jouwe. Gean mar wer stean bźste man sei kening Jouwe jo hoege foar my net te būgjen. Ik haw heard dat jo in wūnder moaie en leave dochter ha en ik woe ris sjen oft de ferhalen oer har wier binne.
De mūner skrok him in bulte en tocht der ha je wer sa'n kening hokker tinkt alles mar fan my ōfpakke te kinnen, mar myn dochter dat giet my wat te fier. De mūner sei: Wat wolle jo mei myn dochter en wat foar ferhalen ha jo dan heard. Ik sykje al jierren stźd en lān of om in frou foar my, mar haw har oant no ta net fine kinnen en doe hearde ik dat hjir in famke wennet wat oan alle easken foldocht om keninginne wźze te kinnen sei kening Jouwe. De mūner skrok no noch mear as earst. mar ik sil har net meinimme sūnder dat se it sels wol en ek net as jo it net wolle ferfolge de kening. Mei ik efkes mei har prate frege de kening oan de mūner. Eh .. ja, ja mear koe de mūner net śtbringe en koe noch mar krekt syn dochter roppe. Efkes letter kamen syn frou, syn dochter en syn soan nei būten. Kening Jouwe wie fuort al fereale op wat hy seach en stapte fan syn hynder. Hy rūn nei it famke ta en frege as se mei him mei woe nei Earne, sadat hy syn leafde foar altyd oan har jaan koe. It famke wie hiel fereare fansels mar sei net fuort ja, wźrop de kening sei dat se frij wie om wannear dan ek mar, werom nei hūs ta gean mocht. De heit en mem fan it famke fūnen it in goed foarstel. It famke woe it wol besykje wźrop se mei de kening en syn gefolch ōfstutsen nei it lān Earne.
It wie noch gjin wike letter doe't der in lakei oan setten kaam mei it berjocht dat de mūner by kening Hawwe komme moast en wol fuortdalik. Oankommen by kening Hawwe krige hy de wyn fan foarren: Ik ha heard dat jo jo dochter oan kening Jouwe skonken ha wylst jo wol witte dat alles yn dit lān fan my, kening Hawwe, is sei de kening en omdat jo wat weijūn ha wat net fan jo is, nim ik jo soan mei en meitsje him soldaat yn myn leger.
De mūner hie it net mear, no wie der yn ien wike syn beide bern kwyt. De mūner gong mei in protte fertriet wer op hūs oan. De mem fan de jonge hat twa dagen skriemd fan fertriet en noch is it net oer No sjogge wy śs beide bern nea wer snikte hja.
De kening fan Earne krige te hearen wat der bard wie en wie begien mei de mūner en syn frou, de heit en mem fan de keninginne. Hy moast hjir wat oan dwaan fansels en woe graach helpe. Kening Jouwe joech opdracht om yn Earne goud yn te sammeljen by it folk. Om't de kening hast noait wat frege fan it folk joegen dy rom fan wat se hiene oan goud. It wie in hiele berch. De kening sei tsjin de mūner As jo dit goud oan kening Hawwe jouwe
dan kinne jo fest jo soan werom krije. It goud waard op in wein laden, en it wie sa swier dat der wol fjouwer hynders lūke moasten. Der siet de mūner dan mei al dat goud, tsjongejonge wat wie der no ryk. No koe der syn soan frij keapje en wylst hy dat tocht kaam der in plantsje yn him op. Kening Hawwe hie dochs al dat goud net nedich tocht der en boppedat, dy hat al safolle. De mūner tocht as ik no ris de helte oan Hawwe jou dan kin ik de oare helte sels wol hālde. Hy gong mei de helte fan it goud op?e wein mei twa hynders der foar op nei de kening dy?t syn soan fźsthold. Der oankommen sei der tsjin Hawwe As ik myn soan werom krij, dan krije jo al dit goud. De kening seach al it goud en wie tige op't skik mei dit oanbod. Nim jo soan mar mei sei er. De mūner liet it goud efter en gong mei syn soan nei hūs. Kening Hawwe tocht ris goed nei en tocht, hoe komt dy mūner oan safolle goud sūnder dat ik dat wyt, der moast ik mear fan witte. De kening stjoerde syn lakeien op ūndersyk śt om te achterheljen hoe't de mūner oan safolle goud kommen wie. In foech skoft letter kamen de lakeien wer by de kening en fertelden wat hja heard hienen. Ek dat de mūner goud krigen hie wat troch fjouwer hynders lutsen wurde moast, mar hy hie by kening Hawwe mar mei twa hynders west en dus koe it net oars as dat de mūner mar de helte fan al dat goud oan kening Hawwe brocht hat.
De kening wie woest en fielde him bedondere en trouwens wer bemuoide de kening fan Earne him mei. Hy stjoerde ien fan syn lakeien nei de mūner ta om te sizzen dat kening Hawwe al it goud ha moast wat de mūner fan kening Jouwe krigen hie, oars moast syn soan wer yn it leger fan de kening. Der wie de mūner net bliid mei en siet hjir wol in bytsje mei yn' e mage. Hoe moast ik dit ha tocht er, want de kening hat it goud net nedich en ik wol myn soan en it goud net kwyt. Nei in pear dagen fan neitinken sūnder fertuten krige hy op in nacht in dream. It wie krekt wat de mūner nedich hie. Hy gong nei de smid ta en sei tsjin de smid: Smid, wolle jo my helpe want ik ha in plan en ik wol graach dat jo my der by helpe. De smid hearde it plan oan en woe graach helpe om de kening in loer te draaien. De mūner brocht al it goud op fiif goudstikken nei by de smid en dy gong fuort oan it wurk. Hy smolt it goud en makke dźrfan in hiele moaie klūs.
De klūs glimke sa moai, dat it wie in lust om te sjen. De smid rop de mūner om it keunststikje sjen te litten en wat de mūner der fan fūn. Tige moai sei de mūner mar sa kin it net bliuwe fansels, dus no moat ik in skilder ha. Hy gong nei de skilder en ek dy fertelde hy syn plan. De skilder wie fuort ré om de mūner te helpen en sette śt ein om wat hy dwaan moast śt te fieren.
De oare deis stie der in klūs sa as de mūner it ha woe, in ūnhuerige klūs en it like wol as wie de klūs fan roastich āld izer fan binnen en fan būten, sa moai hie de skilder dat dien.
De mūner wie tige goed by sin omdat de skilder sok goed wurk makke hie. No koe de mūner nei kening Hawwe ta en brocht him in kaai. Dit is de kaai fan in klūs mei goud der yn, dy't by my thśs stiet, en dy kinne jo sa ophelje sei hy tsjin de kening. Dy liet der fansels gjin gers oer groeie en liet de klūs fuort ophelje en by him bringe. Mei de kaai yn'e hān stie hy al te wachtsjen en makke de klūs iepen. Hy seach dat der mar fiif goudstikken yn leinen en in brief. Hy makke de brief iepen en lźzde lūdop: Hjir is al it goud wat ik noch hie en omdat jo alles ha wolle is de klūs ek foar jo, heechachtsjend de mūner.
De kening wie poer māl dat der net mear goud yn'e klūs lei en sei: Gjin goud mear en sa'n ālde roastiche klūs mei ik hālde? Wat tinkt dy mūner wol net, bring dat roastiche ding mar gau werom nei de mūner. De kening hie net troch dat de klūs ek fan goud wie omdat hy sa ferve wie as like it āld roastich izer en sa krige de mūner it goud werom brocht, krekt sa as er it betocht hie.
De wein mei de klūs stie wer by de mūne. De mūner pakte in flesse, die der wetter yn pakte in pear ālde fodden. Hij spande twa hynders foar de wein wer as de klūs noch opstie en gong op wei. Oankommen by kening Hawwe sei de mūner Jo lakeien ha de klūs werom brocht, mar dy is fan jo. Die hearde by it goud wat jo ha woene sei de mūner. Ik hoech gjin āld izer, dat meie jo sels wol hālde en boppedat beledigje jo my mei sa'n foarstel.. Smyt dy man yn de finzenis mei syn klūs derby en fal my net wer lestich sei de kening. Mar de mūner wie net foar ien gat te fangen en wylst hy yn'e sel siet frege hy om de kening. Nei lang oantrunen kaam de kening by de mūner. Jo jouwe noait wat wei sei de mūner tsjin kening Hawwe. Nee sei de kening ik jou noait wat wei en ik wegerje neat, ik wol alles ha mar ik hoech gjin roastiche klūs, want dy is neat wurdich. Ik kin in foarfal dat jo oant twa kear ta in grutte skat wegere ha en werom joen ha sei de mūner. Dat is net mooglik sei kening Hawwe dat is net wier, ja dy roastbult fan jo, mar dy telt net mei. As ik bewize kin dat it wol sa is en dat jo in hiele grutte skat wer fuort stjoerd ha wat stiet der dan tsjinoer fan jo kant? frege de mūner. De kening tocht djip nei, hie hy miskien dochs in kear immen fuort stjoerd mei in skat en as dat no ien kear bard is mar twa kear dat koe net. It iennige wat de kening him betinke koe wie de klūs, mar dat is net in skat. Sizze jo it mar sei de kening want hy wie tige wis fan himsels. As ik it bewize kin dat jo twa kear in skat fuort stjoerd ha dan wurde jo sa as kening Jouwe fan Earne en wolle jo net mear alles hawwe wat fan it folk is, is dat ōfpraat?. Dat is ōfpraat sei kening Hawwe fan Nearne. Komme jo hjir moarn mar wer dan ha ik it bewiis sei de mūner tsjin Hawwe. De mūner hie de hiele nacht yn' e wear west om de ferve fan de klūs of te krijen mei wetter en fodden, mar it wie slagge, en noch foar de kening by him kaam blonk it goud as nea tefoaren. Doe't de kening
kaam koe hy syn eagen net leauwe, want der stie in klūs fan puur goud.
Sjoch dit goud ha jo twa kear wegere sei de mūner tsjin de kening, in better bewiis kin ik jo net jaan. De kening seach dat de mūner gelyk hie en moast no wol tajaan. Fan doe of oan hie de kening spyt fan wat hy dien hie en no woe kening Hawwe neat mear hawwe fan it folk. De keningen en it folk fan Earne en Nearne libben noch lang en lokkich njonken inoarren.
Sjoerd F.Talsma
5 september 2010
Actuele beoordeling: 0,00
Aantal stemmen: 0
Aantal hits: 983
Op zoek naar een serieuze relatie? be2 is méér dan dating, omdat u alleen wordt voorgesteld aan leden die bij u passen. De eerste stap naar de ware is de wetenschappelijke persoonlijkheidstest.
Knuz.nl is een volkomen gratis datingsite. Met meer dan 200.000 ingeschreven leden is Knuz de grootste gratis datingsite in de Benelux met misschien wel de liefde van je leven ...
Zin in een leuke en gezellige avond waar u in korte tijd veel singles live kunt ontmoeten? Dan is flitsdaten iets voor u: een luchtige en efficiėnte manier van kennismaken in sfeervolle locaties!
Vaak weet je het al bij de eerste aanblik. Deze man of vrouw is interessant! Dus waarom tijd verspillen? SpeedDatez is dé ideale manier om snel met leuke mensen in contact te komen!
En 'k huilde en huilde, tot mijn moeder kwam, En me aaide en kuste en me in haar armen nam, En 'k gaf, gelukkig, haar liefste naam.-
J.A. der Mouw
Silver2date.nl is een eigentijdse en betrouwbare ontmoetingssite voor de 50-plusser. Silver2date.nl is een ontmoetingsplatform voor sociale, sportieve en creatieve activiteiten.
| VOLGEN | ||
| MORGEN | ||
| innerlijk weten | ||
| wouwse plantage | ||
| Woorden |
Books for Singles verkoopt geen liefde, geluk of romantiek. Wel is het de gespecialiseerde online bookseller voor boeken over: singles, liefde, relaties, dating en persoonlijke groei. Books for Singles is een initiatief van het erkende relatiebureau InterDuo.
Relatiebureau InterDuo relatiebemiddeling is het meest toonaangevende relatiebureau voor Nederlandse en Belgische HBOers en academici. InterDuo is erkend door de BER: Branchevereniging Erkende Relatiebureaus.
| (P.D.33) Woman and coat hanger | ||
| Wat ziet mijn lodderig oog | ||
| Noemt het nu maar de Senaat of het Parlement |
| Waar zie ik nog een deurtje open | ||
| gebonden | ||
| Queensday in Holland. |
MessengerContacten.nl is dé erotische datingsite voor mensen met MSN Messenger. Lid worden is 100% gratis en alleen een e-mailadres en nickname zijn nodig. Veel plezier en spannende dates!
Het goed functioneren in de maatschappij vertoont opvallend veel overeenkomst met het goed functioneren in een relatie. Iemand die in een bedrijf werkt en er onopvallend en sjofel uitziet, zal nooit carričre kunnen maken. Iemand die single is en er onopvallend en sjofel uitziet, zal nooit de droomdate krijgen. Een voorbeeld uit het bedrijfsleven toont dit aan...
Speeddaten is niet alleen ontzettend leuk, je hebt ook nogeens 91% kans op een match! Je ziet in een paar seconden al of je iemand leuk vindt en na 3 min. weet je of die 1e indruk goed was.
| 14 februari Valentijnsdag |
| Door Interduo vond ik mijn geliefde |
| Interduo kan ik zeker aanbevelen |
| Eindelijke een goed man gevonden door InterDuo |
| Ik ga trouwen via interduo |
| Nieuws archief |
Relatieplanet is de meest bezochte dating-site van Nederland en Belgiė. Ontmoet serieuze vrijgezellen voor een relatie, vriendschap of date! Relatieplanet werkt!